Nij telefoannûmer gemeenten

Gemeentehûs Dantumadiel
Fjouwer gemeenten binne fan tongersdei ôf te berikken op in nij nûmer: 14 0511. Allinnich Ljouwert makket oant no ta gebrûk fan de saneamde +14-opsje. Minsken moatte tenei earst in 14 kieze en dêrnei it pleatslike netnûmer, yn dit gefal 0511. Se komme dan by de gemeenten telâne.
In Fryske wolkomsstekst jout it nije nûmer in spesjaal tintsje. It nije nûmer is te brûken foar de gemeenten fan Achtkarspelen, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Kollumerlân.