Ynspraak op besunigings

Gemeentehûs Tytsjerksteradiel yn Burgum
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hâldt op tongersdei en sneon spesjale ynspraakgearkomsten oer de besunigings fan 'e gemeente.
De rie kin dit jier goed 1,8 miljoen minder útjaan. Wêrop't dan krekt besunige wurde moat, moat noch in beslút oer falle. Dêrom wolle de ried earst fan de ynwenners hearre wat de mooglikheden binne en hokker alternativen der binne.