Rampefilm foar sikehuzen

Sikehûs De Tsjongerskâns It Hearrenfean
Meiwurkers fan sikehuzen yn it Noarden krije as ynstruksje in rampefilm te sjen. Dy is spesjaal foar harren makke. Der wurdt in brân yn in grut teater neispile mei slachtoffers dy't yn grutte kloften by it sikehûs brocht wurde. Elk sikehûs hat in draaiboek foar soksoarte situaasjes en dêr is de film op basearre.
De film wurdt makke troch Strawberry Films út Grins. De opnames binne foar it grut part yn Noard-Nederlân makke.