Eurosonic: soad Fryske bands

10 jan 2011 - 14:48
  • De jonges fan De Basis

De Fryske ynbring fan nije popbands by it Eurosonic/Noorderslagfestival yn Grins is dit jier opmerklik grut. It festival fynt plak fan woansdei oant en mei sneon. Der komme ek in soad bands út oare Europeeske lannen en in protte programmeurs.

De Popakademy yn Ljouwert is in wichtige leveransier fan begjinnende bands oan it festival. Santjin Fryske bands sille spylje yn Grins. Bekende nammen binne ûnder oare Eklin, Alpine Pack, De Basis en Blackboxred.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)