Sikehuzen: gjin ûntslaggen

10 jan 2011 - 14:41

Fryske sikehûzen ferwachtsje gjin twongen ûntslaggen troch koartings fan it ryk. It NOS Journaal hat dit wykein besifere dat de koarting in protte sikehuzen in soad banen kostet. Fryske sikehuzen tinke troch effisjinter te wurkjen en it net ferlingen fan tydlike kontrakten it op te fangen.

De sikehuzen op It Hearrenfean, yn Snits en Drachten moatte it mei hast 3 miljoen oan ryksbydragen minder dwaan. Ljouwert moat 6 miljoen ynleverje en Dokkum 1 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)