Húsdokter Damwâld ferfongen

10 jan 2011 - 12:34

De praktyk fan húsdokter Ter Laak yn Damwâld is oernaam troch in oare húsdokter út 'e regio. Ter Laak moast ferline jier fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch ophâlde. Hy hie syn waarnimming net goed regele. Dat hie de ynspeksje konstatearre.

Nei't Ter Laak fuortgie, koene syn pasjinten tydlik by oare doktoaren terjochte. No is der in definitive oplossing foar de likernôch twatûzen pasjinten. Dejinge dy't it oernimt, hâldt sitting yn itselde gebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)