Waterlander listlûker 50plus

10 jan 2011 - 12:21

Jan Waterlander fan Easterlittens is de listlûker fan de nije politike partij 50plus. De partij docht yn maart yn alle provinsjes mei oan de steateferkiezings. De kandidatelisten binne moandei bekend makke op in parsekonferinsje yn Den Haach.

Waterlanders siet acht jier yn 'e gemeenteried fan Littenseradiel. Op de Fryske list stean fierder George Bernaert fan Harns, Otto Vellinga út Boalsert en Cor Wijnstra fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)