Manifestaasje jeugdsoarch

Sawat 150 Fryske meiwurkers út de jeugdsoarch binne by in lanlike aksje yn Amersfoort foar ekstra jild foar gesinsfâden. Dy wurde troch de rjochter oanwiisd as it mei in bern misgiet of driget mis te gean.
No soarget ien gesinsfâd foar fyftjin bern. Dat tal bern moat omheech as it ryk net 8 persint mear betelje wol. De wachtlisten sille mooglik ek groeie. De manifestaasje yn Amersfoort lûkt sawat tûzen minsken.