Trochriden nei botsing

10 jan 2011 - 10:41

In 68-jierrige Drachtster is snein oanhâlden foar trochriden nei in botsing. In tsjûge hie sjoen dat de man op de Stasjonswei tsjin in ferkearspeal oanriden wie en dêrnei trochried. De tsjûge skreau it kenteken fan 'e auto op en belle de plysje. Dy trof de auto mei skea oan op 'e oprit fan de wenning fan de fertochte.

De Drachtster moast mei nei it plysjeburo. Nei ferhear mocht er wer nei hûs. Hy hat in boete krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)