Twa ferwûnen op A6

10 jan 2011 - 10:06
  • Foto: Jaring Rispens (www.stjoerder.nl)

By in oanriding op de A6 by Dunegea binne snein twa Drachtsters fan 47 en 50 jier ferwûne rekke. Se rieden op 'e linker baan doe't in oare auto ek ynienen nei links kaam. Om in botsing foar te kommen, moast de bestjoerder út Drachten fol op de rem. Hy koe de auto net mear hâlde en sloech twa kear oer de kop. De auto ried dêrnei it wetter yn.

Oare automobilisten hawwe de manlju út 'e auto weihelle. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)