555-aksjedei op Máximaskoalle

14 jan 2005 - 07:33

Groep 7 en 8 fan 'e Máximaskoalle yn de nije Ljouwerter wenwyk Suderbuorren krigen tongersdei 12 oeren les. It doel wie jild ynsammelje foar giro 555. De oare skoallebern makken tekenings en gedichten foar de tsunami-slachtoffers.

It jild sil brûkt wurde foar de bou fan fjouwer skoallen yn it rampgebiet. Op de aksjedei wie der fan alles te rêden op de skoalle, lykas basketball-les fan Aris-topper Brandon Woudstra. Fierder wie der ek dûnsles en muzykles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)