Tsjerken Snits fusearje
De grifformearde en de herfoarme tsjerke fan Snits binne sûnt snein offisjeel ien tsjerke. De fúzje hat jierrenlang yn 'e planning sitten, mar it is der eins nea fan kaam. De nije fúzjegemeente is ien fan de lêste fúzjetsjerken fan Nêderlân dy't as PKN-tsjerke fierder giet. In echte needsaak om earder ta in fúzje te kommen wie der net.