Famylje Ooms wol saak ôfslute

10 jan 2011 - 07:31
  • Marinus Ooms

De famylje fan de yn 2006 fermoarde Marinus Ooms fan Haulerwyk hopet dat der lang om let in datum komt foar de ynhâldlike behanneling fan de heger beropsaak. Moandeitemiddei is der wer in sitting wêrop't de rjochtbank mooglik mei dy datum komt.

Marinus Ooms waard yn oktober 2006 yn syn hûs yn Haulerwyk mei messtekken om it libben brocht. Trije manlju binne dêrfoar feroardiele, mar harren advokaten freegje hieltyd wer om fierdere ûndersiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)