Fûle brân yn skuorre

Foto: Jan Beets www.112nederland.nl
Troch in fûle brân is sneintenacht in skuorre oan de Betonwei op De Harkema folslein útbaarnd. De brânwacht fan Surhústerfean koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei it hûs. Der wie earst te min bluswetter, sadwaande wie it dreech om de brân goed te bestriden.
Ut in fiver koe úteinlik genôch wetter pompt wurde. Nei in oere wie de brân ûnder kontrôle. De brânwacht hat noch wol lang oan it neiblussen west. De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik.