Orca swimt nei goud

09 jan 2011 - 16:48

It Ljouwerter Orca is de grutte winner op de Fryske swimkampioenskippen dit wykein. De feriening helle 10 fan de 18 algemiene titels. By de manlju wie Vincent van Ieperen (Orca) de keningsswimmer. Hy wûn de 100 en 200 meter frij, de 100 flinter en de 200 meter wikselslach yn in Frysk rekôr fan 2:07,15.

By de froulju helle Wendan Poelstra (HZ&PC) de measte titels: 100 en 200 meter skoalslach en de 100 en 200 meter flinterslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)