Bedriging mei honkbalkneppel

De plysje hat sneontenacht op de Froonackerdyk yn Winsum fjouwer minsken oanhâlden. It giet om in famke (17) út Harns, in jongeman (18) út Dronryp, in man (19) út Frjentsjer en in man (21) út Froubuorren. Se hiene yn in hûs in man (21) út Droegeham mei in honkbalkneppel bedrige.
De plysje koe de fertochten oanhâlde. Yn harren auto lei de kneppel. Alle fjouwer fertochten binne fêstset op it buro. De oanlieding fan 'e bedriging soe yn 'e relasjonele sfear lizze.