Follybalfroulju: kwartfinale
De follybalfroulju fan Snits hawwe sneon troch in 3-0 oerwinning tsjin Yarden-Havoc út Haaksbergen de kwartfinales fan de lanlike beker helle.
Yn Oerisel wiene de setstannen 16-25, 20-25 en 18-25. Dat is in opstekker foar VC Snits, omdat de froulju yn de kompetysje op it ien nei lêste plak stean.