Jubileumjier foar menisten

09 jan 2011 - 10:49

Yn Snits is snein it startsein jûn foar it lanlik jubileumjier fan de menistetsjerke. Yn de tsjerke yn Snits komme menisten út it hiele lân byelkoar om stil te stean by ferskate bysûndere data. Sa is it dit jier 475 jier ferlyn dat grûnlizzer Minne Simons út de katolike tsjerke stapte en 450 jier ferlyn dat er ferstoar.

Yn de doopsgezinde tsjerke yn Snits binne sneintemiddei ûnder oare twa nije tsjerkelieten presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)