CDA wol minder strange regels

09 jan 2011 - 10:31

It evenemintebelied yn de gemeente Skarsterlân moat folle ienfâldiger wurde. Dat fynt it CDA. Neffens de partij binne de regels op it stuit fierste strang. Sa is eat al in evenemint as der 50 minksen op ôf komme en dan moat der oan allegear regels foldien wurde. Dêrtroch wurdt it foar organisaasjes dreech om aktiviteiten op te setten. Dat hat ta ferskate klachten laat.

It CDA wol mei it gemeentebestjoer besjen as de regels wat soepeler kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)