Berga wint, De Vries tredde

Bob de Vries (argyffoto Martin de Jong)
Ingmar Berga hat de trettjinde maraton om de KPN Cup wûn. Op de iepen baan fan Amsterdam wie de Drint de rapste fan in alve man sterke kopgroep. Geert Plender (Kampen) waard twadde, Bob de Vries fan De Haule tredde. Yn de kopgroep ek Bart de Vries fan De Haule en Durk Fabriek fan Jobbegea. Sy waarden njoggende en tsiende.
De wedstriid oer 125 rûntsjes wie troch it reinwetter en de hurde wyn dreech. De kopgroep fan alve ûntstie healwei de wedstriid.