Marrit Leenstra tredde op 3 km

08 jan 2011 - 15:46

Marrit Leenstra is op de 3000 meter by it EK reedriden yn Collalbo tredde wurden. Har tiid: 4.17,66. Regearend Europeesk kampioene Martine Sábliková wie mei 4.11,36 in klasse apart. Ireen Wüst waard kreas twadde yn 4.13,40.

It algemien klassemint is nei twa ôfstannen krekt sa as de einstân fan de 3 km. Sábliková stiet earste, Wüst twadde en Marrit Leenstra tredde. Op de 1500 meter fan snein moat Wüst 1,56 goedmeitsje op Sábliková en Leenstra 2,16 sekonden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)