Arrestaasje op A7

08 jan 2011 - 14:11

Twa manlju út Hilversum binne ôfrûne nacht op de A7 by Terwispel oanhâlden. Se hiene harddrugs en ynbrekkersark by harren. De manlju waarden yn 'e auto pakt by in plysjekontrôle. Ien fan harren wie bekend by de plysje. Hy hie noch boetes iepen te stean.

By fierder ûndersyk die bliken dat de man in soad kontant jild by him hie. Utsein de harddrugs leine yn 'e auto ek noch twa laptops en in navigaasjesysteem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)