Dronken hurdrider oanhâlden
Op de A32 by Wolvegea is freedtemiddei in 55-jierrige automobilist út Lunteren oanhâlden. Hy ried te hurd en hie ek noch te folle alkohol op. De man ried by de laserkontrôle del mei 152 kilometer yn 'e oere, wylst 120 dêr it maksimum is.
By syn oanhâlding waard boppedat dúdlik dat de man dronken wie. Hy krige in rydferbod fan sân oeren.