Op kursus kettingseagjen

Ynstruksje binnendoar
Steatsboskbehear hat sneon by Jobbegea in kursus beamseagjen jûn. It wie de earste fan trije fan sokke kursusdagen. De kursus moat it delheljen fan beammen en it ferwurkjen fan it hout feiliger meitsje.
By Jobbegea hat Steatsboskbehear mei twahûndert minsken in kontrakt foar it sels seagjen fan hout. Se krije in stik bosk tawiisd en meie dêr tsjin betelling sels beammen omseagje. Hokker beammen dat binne, bepaalt Steatsboskbehear.