Rekôromset drafbaan Wolvegea

De hynstedraverijen op drafbaan Victoria Park yn Wolvegea hawwe freed soarge foar in rekôromset. Yn Frankryk is in hiel soad wedde op seis draverijen. Dêrmei hellen fokkers in rekôrbedrach fan goed trije miljoen euro op. De koersen wiene live te sjen op de Frânske tillevyzje.
Fan de omset krijt de drafbaan in lytse ton. Dêr komt noch fyftichtûzen euro by fan wedders út Nederlân.