25.000 deade fisken yn fiver

08 jan 2011 - 10:00

Yn in teiende fiver fan in park yn Hurdegaryp lizze sa'n 25.000 deade fisken. Nei alle gedachten is soerstofgebrek de oarsaak fan de dea fan de bisten.

De fiver wurdt by froast brûkt as iisbaan. Ald-iismaster Hofman fan Hurdegaryp lit witte de stjerte fyftjin jier ferlyn ek alris barde. Neffens him hat it soerstofgebrek te krijen mei it grut tal blêden dat yn de hjerst yn it wetter telâne komt en de betide winter mei it iis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)