Eigners wolle kemping keapje

Goed 70 karavaneigners besykje kemping De Zoutpoel yn Terherne yn eigen hannen te krijen. Se wolle de kemping keapje fan in projektûntwikkeler. Dy hie oant no ta oare plannen en woe de karavaneigners eins fuort hawwe.
Sneon komme de eigners fan de karavans byelkoar en stimme se oer de keap fan de kemping. As 70 persint foar is, giet it troch, Om de kemping te keapjen moatte de karavaneigners wol flink wat jild op it kleed lizze.