Soad folk foar OV-chipkaart

Goed fjouwertûzen minsken ha oant no ta op de provinsjale ynformaasjegearkomsten oer de OV-chipkaart west. Takom maaitiid kin der nei alle gedachten net mear in strippekaart brûkt wurde yn it iepenbier ferfier. Dan is in OV-chipkaart nedich.
Yn 'e mande mei âldereinorganisaasje ANBO binne der al 21 ynformaasjegearkomsten om foarljochting te jaan oer it gebrûk fan de kaart.