Marrit Leenstra wol op poadium

07 jan 2011 - 16:10

Reedrydster Marrit Leenstra hat hege ferwachtings fan it Europeesk kampioenskip dat sneon úteinset yn it Italiaanske Collalbo. "Myn doel is in poadiumplak", sa seit de 21-jierrige Wikelse.

De Tjechyske Martina Sablikova en Ireen Wüst binne favoryt foar de Europeeske titel, mar de regearend Nederlânsk kampioene allround fynt dat sy by de outsiders heart. Yn 2007 die Leenstra foar it earst mei oan it EK, doe einige se op it sechsde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)