Oprop CDA-Fryslân oan Leers

Sahar is ien fan dy bern dy't mooglik werom moat
Jonge bern dy't al jierren yn Nederlân wenje, moatte net it lân útsetten wurde. Minister Leers fan asyl- en ymmigraasjebelied moat syn foech brûke om dy bern in ferbliuwsfergunning te jaan. Dy oprop docht it Fryske CDA oan partijgenoat Leers.
In soad Fryske CDA-ers ha it ôfdielingsbestjoer witte litten dat se it útsetten fan bern net akseptearje. Benammen omdat dy yn it eardere heitelân sjoen wurde as bûtenlanner.