Klaassen nije man by Stenden

07 jan 2011 - 13:11
  • Stenden University

Leendert Klaassen is beneamd ta foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan de Stenden University yn Ljouwert. Hy folget dêrmei Robert Veenstra op, dy't earder al fuortgie om foarsitter te wurden fan Sportklup Hearrenfean

Klaassen is op dit stuit foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan RTV Noord en wie earder ek boargemaster fan de gemeenten Zuidhorn en Midwolda. Hy begjint op 1 maart yn syn nije funksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)