Gjin stipe plan Skinkeskâns

07 jan 2011 - 12:48

It plan om by it Skinkeskâns-eilân oan de westkant fan Ljouwert in enerzjypark mei in asfaltfabryk te bouwen krijt foarearst gjin stipe fan de riedsfraksjes yn Menameradiel. Dat docht bliken út de kommisjegearkomste fan tongersdeitejûn. Tsjin it enerzjypark sels ha partijen gjin beswier, mar wol tsjin de lokaasje foar it park en de asfaltsintrale.

Dy soe it griene gebiet bot oantaaste. Wethâlder Dijkstra is opdroegen om te sjen nei in oare lokaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)