Traumasoarch yn gefaar

Traumahelikopter
De traumasoarch by grutte ûngemakken yn Fryslân komt yn gefaar no't de traumahelikopter nachts net fleane mei. Steatssiktaris Joop Atsma fan ferkear fynt dat der nachts net feilich fan it dak fan it sikehûs opstiigd wurde kin.
De traumahelikopter fan it noarden stiet op it dak fan it UMCG yn Grins. It sikehûs dêr hat krekt miljoenen ynvestearre om de nachtflechten mooglik te meitsjen.