FK piksjitte yn Earnewâld
IIsklup Lyts Begjin fan Earnewâld sil sneon foar it earst yn 13 jier wer it Frysk kampioenskip piksjitte organisearje. Piksjitte is in âld Frysk gebrûk, wat noch it bêste te fergelykjen is mei Jeu de Boules op it iis. Eartiids waard it gauris dien troch skûtsjeskippers, dy't winters sûnder wurk sieten.
Foar piksjitte is teiwaar en sterk iis nedich. It iis op It Wiid is neffens de organisaasje no perfekt foar in Frysk kampioenskip.