Roorda leit goed yn 'e merk

07 jan 2011 - 11:46

Ferskate klups fanút binnen- en bûtenlân hawwe ynteresse foar SC Hearrenfean middenfjilder Geert Arend Roorda. Saakwaarnimmer Wessel Weezenberg befestigt de belangstelling fan Sparta, mar der binne mear.

Hearrenfean wol Roorda it leafst foar in heal jier ferhiere, mar Weezenberg slút in definitive oergong net út. "Als er een goede club komt, dan is voor Geert Arend het hoofdstuk Heerenveen afgesloten." It kontrakt fan Roorda rint noch ien jier troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)