Earste besjochdei Blomketerp

Swimbad Blomketerp yn Frjentsjer
De earste fan trije besjochdagen yn swimbad Blomketerp yn Frjentsjer is freed in teloarstelling wurden. Der wie mar ien belangstellende. It swimbad stiet te keap. Op 25 jannewaris sil it swimbad by iepenbiere ferkeap ferkocht wurde.
De ferkeap fan Blomketerp is ûnderdiel fan de besunigings fan de gemeente Frjentsjerteradiel. It giet dan om 350.000 euro op jierbasis. Mocht der in keaper komme dan bliuwt it swimbad yn elk gefal noch 10 jier iepen.