Sel en wurkstraf yn snelrjocht

Trije fertochten fan ûngeregeldheden mei âld en nij hawwe freed straffen oplein krigen fan de rjochtbank. Dit barde yn saneamde snelrjochtsittingen.
In 19-jierrige man út Wolvegea is feroardield ta twa wike selstraf, omdat hy in plysjeman mishannele hat. In 19-jierrige man út Aldetrine is feroardield ta in wurkstraf fan 20 oeren fanwege mislediging fan de plysje. En 19-jierrige man út Wolvegea krige in wurkstraf fan 30 oeren.