Snelrjochtsitting âld en nij

Foar de rjochtbank yn Ljouwert moatte freed trije minsken har ferantwurdzje foar oertredings mei âld en nij. Se steane terjochte yn in spesjale snelrjochtsitting. Justysje wol hjirmei sjen litte dat misdragingen mei in feestlik barren sa-as âld en nij net tolereard wurde.
Der binne mear fertochten oanhâlden mei âld en nij. Dy ha in skikkingsfoarstel krigen. As se net betelje, moatte se ein maart foar de rjochter komme.