13 ton slachtôffal op Wâldwei

06 jan 2011 - 20:12

Op de Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten hat in frachtauto fan Rendac tongersdeitejûn in kontener mei 13 ton slachtôffal ferlern. It gie om allegear lytse hinnekoppen. De plysje sleat de dyk foar in part ôf om de boel oprêde te kinnen. Dêr waard in kraanauto foar ynset. De dyk is skjinmakke troch in spesjalisearre bedriuw.

Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch net folle bekend. Nei alle gedachten hat de kontener net goed fêstsitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)