Manlju yn Burgum op dievepaad

De plysje hat woansdei yn Burgum in 32-jierige Ljouwerter en in 36-jierrige Boalserter oanhâlden. Se wurde fertocht fan it stellen fan guod út in winkel. Earder op de dei besochten se by in winkel Burgum in tas fol guod te ruiljen, mar it spul wie dêr net kocht.
It sinjalemint fan de mannen waard trochjûn oan de plysje. Dy seach se stean by in bushalte en hat se oanhâlden. Beide hawwe in bekeuring krigen.