Fryske Speak helpt Microsoft

Everts, Slotegraaf en Kooistra fan Speak
IT-bedriuw Speak yn Surhústerfean is ien fan de trije Nederlânske partners dy't mei Microsoft meiwurket oan in nij produkt. It giet om in nij model fan in saneamde surfacetafel. Dat is in grut digitaal skerm, dêr't allerhanne ynformaasje op te krijen is.
De nije surfacetafel is tongersdei presintearre op de grutste beurs foar konsuminte-elektroanika yn de wrâld, yn it Amerikaanske Las Vegas. Speak ûntwikkelet software foar it apparaat.