Man út Sint Anne mishannele

Op de Middelweg-west yn Sint Anne is woansdeitemiddei in 30-jierrige man út dat doarp oanhâlden omdat hy in doarpsgenoat mishannele ha soe. De 43-jierrige ynwenner rekke dêrby op ferskate plakken op it lichem ferwûne. Hy is foar ûndersyk nei it sikehûs yn Ljowuert brocht.
De plysje ûndersiket noch wat de oanlieding west hat foar de mishanneling.