Hennepkwekerij Ljouwert oprôle

De plysje hat woansdeitemiddei in hennepkwekerij oan de Brederostrjitte yn Ljouwert oprôle. Se wiene de kwekerij op it spoar kommen nei in anonime tip. Yn de wenning wiene seis minsken oanwêzich, sy binne allegear meinommen nei it buro foar ferhoar. Ien persoan is foar neier ûndersyk ynsletten, de oare fiif mochten wer nei hús.
De apparatuer en de ûngefear 250 planten binne ferneatige.