Feanster mei luchtbuks oppakt

06 jan 2011 - 10:43

Op de Abe Lenstra Boulevard op It Hearrenfean is woansdeitejûn in 20-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit. Tsjûgen hiene de plysje warskôge.

By de haadyngong troffen plysjes in auto oan. Doe't dy trochsocht waard, fûnen se in luchtbuks en munysje. It guod is yn beslach naam. De man waard oanhâlden. Tongersdeitemoarn betiid is hy wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)