Tal ferkearsdeaden moat minder

06 jan 2011 - 10:05
  • De provinsje set yn op mear snelheidskontrôles

It tal ferkearsdeaden yn Fryslân moat de kommende 15 jier werom nei op syn meast 14. Yn 2010 binne der 23 deaden fallen op de Fryske diken. It tal ferkearsslachtoffers dat yn it sikehûs rekket moat ek nei ûnderen. De provinsje wol dêrom de diken feiliger meitsje en ôfspraken meitsje mei ûnder oare Feilich Ferkear Nederlân en de plysje. It giet dan om bettere hanthavening fan de snelheid.

Gemeenten dy't meidogge krije in euro de ynwenner foar û.o. ferkearslessen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)