Soad problemen troch de izel

06 jan 2011 - 06:19
  • Op de A7 glied dizze auto yn de feart (foto Tino Broekstra)
  • By Akkrum stie in frachtauro dwers op de dyk (foto Alex Zwart)

De glêdens hat woansdeitejûn let foar in soad ûngelokken en problemen op de dyk soarge. Der wiene mear as 25 oanridings, dêr't 3 minsken by ferwûne rekken. De A32 by Akkrum gie ticht nei in ûngelok mei in frachtwein. Op de A32, A6 en op de A7 rekken meardere auto's fan de dyk troch de izel.

Op de A32 by It Hearrenfean rekken meardere auto's yn botsing, op de A6 by Beetstersweach rekke in auto te wetter. Neffens de meldkeamer fan de plysje reinde it meldings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)