Famkes fermist yn Oerterp

05 jan 2011 - 20:28

Yn Oerterp ha woansdeitejûn in skoftlang twa famkes fermist west. De famkes, fan sân en acht jier, wienen nei goed tweintich foar seizen net mear sjoen. De plysje starte dêrom in boargernetaksje op, mar omdat yn Opsterlân gjin boargernet is, koe dêr mar in beheind tal minsken berikt wurde.

De famkes waarden nei oardel oere tichtbij it âlderlik hûs fan ien fan beide yn in steechje weromfûn. Se mankearden fierder neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)