Winterbannen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Sawat de helte fan alle Fryske automobilisten rydt op winterbannen. Dat docht bliken út in ûndersyk fan RTV Noard. It persintaazje Friezen dat winterbannen ûnder de auto oanbringe litten hat leit mei 42 sa'n tsien persint heger as it lanlik gemiddelde.
Fryslân nimt dêrmei in middenposysje yn it Noarden yn: fan alle Grinslanners hat mar 20 persint winterbannen, yn Drinte leit dat mei 49 persint it heechste.