Kruiend iis by Hylpen

05 jan 2011 - 17:16

It teiwaar komt deroan. Dat betsjut wer kruiend iis by de Iselmarkust. By Hylpen komt it iis op guon plakken tsjin de dyk oan. Troch de hurde wyn wurde de bulten heger. Guon berchjes binne mear as in meter heech, mar dat kin de kommende dagen noch heger wurde as de hurde wyn oanhâldt. It liket in poallânskip.

It kruiend iis is noch net safolle en heech as yn 1997. Doe kamen de iisskossen oer de dyk hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)