Riedstra keapet Egbertsduin

Hotel Egbertsduin op Skiermûntseach is kocht troch Janna Riedstra. Dizze Ljouwerter hoareka-ûndernimmer wie earder eigner fan restaurant Intermezzo yn Ljouwert. It hotel op Skier giet fan 't simmer nei in ferbouwing iepen.
Egbertsduin, dat no noch rjochte is op handikapten en terminale pasjinten, krijt in algemiener toeristysk karakter. Ek wol Riedstra in oare namme foar it hotel. Intermezzo wurdt in Japansk restaurant mei de namme Tao.